It Bûsboekje 2026 leit yn ‘e winkels!

It nije Bûsboekje is op 17 july presintearre op It Bouwurk fan Arcadia. It wie in moaie gearkomste mei Jan-Dirk van Ravesteijn, dy’t it lied “Menear de Presidint” (fan Boudewijn de Groot) song.
It nije Bûsboekje is knalread, dat jimme kinne it net misse!
Priiswinners puzzel Bûsboekje 2025 bekend!

Hoe dreech oft de puzzel yn it Bûsboekje 2025 wie kinne je der net oan ôflêze, yn alle gefallen binne der foar 1 maart tsien goede oplossings ynkommen. De redaksje hat der trije winners út lotte, dat binne M. ten Napel- Terpstra, Ali Castelein-Henstra en Aukje Posthuma. Sy krije fan ’t simmer it Bûsboekje 2026 yn de bus. Foar dyjingen dy ’t der net út kommen binne folget hjir de oplossing.
Bûsboekjes troch de jierren hinne
Rûnom te keap
Sa’t jo by de ferkeapadressen sjen kinne, is it bûsboekje rûnom yn Fryslân te keap; de priis leit op € 8,25. Jo kinne it hjir op it webstek bestelle, dan wurde jo trochstjoerd nei de winkel fan friese-producten.nl. Gruttere ôfnimmers en winkels kinne neibestellings regelje troch in mail te stjoeren nei redaksje@busboekje.frl.
| namme winkel | strjitte | postkoade | wenplak | tillefoan |
|---|---|---|---|---|
| Boekh. D.Nijman | Heerestraat 87 | 9301 AE | Roden | 050 5012967 |
| Boekh.v.d.Velde | GroteMarkt 54 | 9712 HV | Grins | 050 3070100 |
| Boekh.v.d.Velde | Ged. Singel 11 | 9401 JM | Assen | 0592 317519 |
| The Read Shop | Nijenstein 7 | 9285 NV | Bûtenpost | 0511 541309 |
| Texo-Baarsma BV | Foarstrjitte 46 | 9271 KH | Westereen | 0511 441201 |
| Primera Jousma | Ljurkestrjitte 51 | 9271 CR | De Westereen | 0511 447334 |
| Primera | Fuormanderij 51 | 9254 GS | Hurdegaryp | 0511 472764 |
| Boekh. Burgum | Skoallestrjitte 46 | 9251 EC | Burgum | 0511 463737 |
| Primera Ureterp | Weibuorren 54 | 9247 BC | Oerterp | 0512 302010 |
| Bruna | De Kolk 33b | 9231 CV | Surhústerfean | 0512 360815 |
| Handelsond. JDV | Sânbuorren 1 | 9216 VB | Âldegea Sm | 0512 372387 |
| Boekhannel IJlstra | Eems 20 | 9204 JX | Drachten | 0512 518322 |
| Cigo Debets | De Marke 37 | 9203 DV | Drachten | 0512 512830 |
| Boekh.v.d.Velde | Raadhuisplein 5 | 9203 CZ | Drachten | 0512 544440 |
| BrunaToys deBruin | Voorstraat 82-84 | 9192 CN | Kollum | 0511 452259 |
| Warenh. Pijnacker | Haadstrjitte 46 | 9172 MP | Ferwert | 0518 412376 |
| Primera v.d.Weg | C.Veenlandstr. 34 | 9104 BN | Damwâld | 0511 423900 |
| Primera | Waagstraat 15 | 9101 LC | Dokkum | 0519 221610 |
| Boekh.v.d.Velde | Gr.Breedstrj. 3 | 9101 KH | Dokkum | 0519 292688 |
| Primera | v.Harenstr. 39 | 9076 BS | Sint Anne | 0518 402105 |
| Primera Stiens | Ljipstrjitte 2 E | 9053 AS | Stiens | 058 2575526 |
| Bruna Kamminga | P. Jellessingel 11 | 9051 BV | Stiens | 058 2575283 |
| Bruna Friso | Haadstrjitte 5 | 9001 AM | Grou | 0566 651969 |
| Beimers – Bruna | Foarstrjitte 49 | 8861 BE | Harns | 0517 430285 |
| Boekh.v.d.Velde | Voorstraat 54 | 8861 BM | Harns | 0517 745006 |
| Primera Haitsma | Voorstraat 12 | 8801 LC | Frjentsjer | 0517 392164 |
| Fa. Van der Velde | ’t Noard 3 | 8731 BB | Wommels | 0515 331201 |
| Boekh. Muizelaar | Hoofdstraat 10 | 8723 BH | Koudum | 0514 521294 |
| Het Boekhuis | Appelmarkt 6 | 8701 KH | Boalsert | 0515 577717 |
| Het Boekhuis | Noord 17 | 8711 AA | Warkum | 0515 573990 |
| Boekh.v.d.Velde | Kruizebr.str. 36 | 8601 CM | Snits | 0515 423900 |
| Boutique Jenny | Galamagrêft 8 | 8651 EB | Drylts | 0515 531229 |
| Warenhuis De Jong | Harinxsmastrj.52 | 8621 BM | Heech | 0515 442276 |
| Bruna Snits | Oosterdijk 11 | 8601 BP | Snits | 0515 412997 |
| Bruna Krottje | v.Swinderenstr.22 | 8561 AR | Balk | 0514 605211 |
| Primera | Burg.Krygerpl. 2 | 8531 EA | De Lemmer | 0514 561639 |
| ReadShop Holtrop | Midstrjitte 76 | 8501 AS | De Jouwer | 0513 412595 |
| Boekhandel Friso | Heechein 2 | 8491 EM | Akkrum | 0566 651969 |
| Binnert Overdiep | Dracht 60 | 8442 BS | It Hearrenfean | 0513 622533 |
| Boekhuis “De Brug” | Fleismerk 8 | 8441 EW | It Hearrenfean | 0513 625574 |
| Bruna | Stationsstraat 19 | 8431 ET | Easterwâlde | 0516 512145 |
| Planteyn Boeken | Langewâl 19 | 8401 DE | De Gordyk | 0513 461254 |
| Boekh.Groenendijk | Oosterstraat 44 | 8331 HE | Stienwyk | 052-1517411 |
| Primera | Manauplein 20 | 8391 BZ | Noardwâlde | 0561 791000 |
| Bruna (Miro) | Tynjedyk 76 | 8936 AD | Ljouwert | 058 2802658 |
| Friese Schrijfkamer | Skrâns 54 | 8932 NG | Ljouwert | 058 2157880 |
| Friese Producten | Snekertrekw. 37 | 8912 AA | Ljouwert | 06 53259385 |
| Primera de Boer – Albers | Cambuurplein 3A | 8921 RD | Ljouwert | 058 2153876 |
| Primera Copini | Bilgaardpass. 29 | 8918 HR | Ljouwert | 058 2125221 |
| De Lektuurhal | OverdeKelders 10 | 8911 JE | Ljouwert | 058 2130756 |
| Afûk | Bûterhoeke 3 | 8911 DH | Ljouwert | 058 2343070 |
| Boekh.v.d.Velde | Nijstêd 57-59 | 8911 CJ | Ljouwert | 058 2132360 |
| Fr. Museumwinkel | Wilhelminapl. 92 | 8911 BS | Ljouwert | 058 2555500 |
| Boek&Zo | Henri Dunantwei 2 | 8934AD | Ljouwert | 058 7852752 |
| Primera | Ruiterskwartier 20a | 8911BP | Ljouwert | 06 22840699 |
Redaksje
De redaksje fan it bûsboekje bestiet út fiif leden. Sy soargje derfoar dat it BB alle jierren krekt foar de boufak ferskynt. Op dit stuit binne dat Klaas Johan Osinga (PR-man/interim foarsitter), Sieta de Vries, Minke Dooper, Arjen Dijkstra (ponghâlder) en Piter Andringa (opmaak).
Alle jierren wurdt in tema socht om it bûsboekje oan op te hingjen, en besocht dat tema op nijsgjirrige wize út te ljochtsjen. Wy sykje der sechjes en weetjes by (eltse wike in knypeach), in by it tema passend gedicht en liet, soms in resept en adressen fan ynstellings dy’t by it tema hearre. Mar wy besykje ek om nijsgjirrige ferhalen oer minsken dy‘t mei it tema anneks binne boppe wetter te krijen.
Fansels moat elts jier de kalinder oanpast wurde, de feestdagen fermeld, de dagen dat de moanne fol is as nij, de fakânsjes, en wurde alle fêste rubriken neirûn.
As alles moai en netsjes teplak stiet en nochris neisjoen is, giet it hiele pakket nei de printer en wurde de bûsboekjes reemakke. Dêrnei soargje we derfoar dat se oeral yn ‘e provinsje teplak komme.




